Undersyk nei ferâldere brêgen Spannenburch, Aldskou en Twellingea
by
Rykswettersteat is dwaande mei in ûndersyk nei de brêgen fan Spannenburch, Aldskou en Twellingea. De brêgen oer it Prinses Margrietkanaal binne ferâldere en moatte ferfongen wurde. Rykswettersteat jout oan dat der sjoen wurdt nei mooglikheden foar 'nieuwe oeververbindingen in de breedste zin van het woord.' Wat dêr krekt mei bedoeld wurde kin, leit Rykswettersteat net út.
De brêge fan Aldskou - Foto: Omrop Fryslân, Diana de Groot
Fanwege it ûndersyk hâldt Rykswettersteat ynformaasjegearkomsten op 3, 5 en 6 febrewaris yn respektivelik restaurant Oude Schouw yn Akkrum, doarpshûs 't Spantsje yn Tsjerkgaast en MFC It Harspit yn Toppenhuzen.
De brêgen binne part fan de haadfarwei De Lemmer-Delfzijl, de farwei is dêrom tige wichtich foar kontenerferfier en foar de noardlike ekonomy.
Korreksje melde