Omwenners lytse gasfjilden krije minder geunstige skearegeling as by gasfjild Grinslân
by Omrop FryslânOmwenners fan lytse gasfjilden hawwe in oare en minder geunstige skearegeling as omwenners fan it grutte Grinslanner gasfjild. Dat docht bliken út it foarstel foar de 'skearegeling omwenners' fan minister Wiebes fan Ekonomyske Saken. Minsken dy't by in lyts fjild wenje, krije in minder hege skeafergoeding. Ek hawwe se mear burokratyske rompslomp as minsken dy't by it grutte Grinslanner fjild wenje.
Foto: ANP
Under Nederlân lizze goed 200 fan sokke gasfjilden. Foar bewenners op en om it grutte Grinslanner gasfjild is earder in skearegeling opsteld. De minister wol foar omwenners fan lytse gasfjilden in oare regeling. Dy fjilden lizze benammen yn de noardlike provinsjes.
Fryslân hat 68 fan dizze lytse gasfjilden. Hast de helte dêrfan is op it stuit yn produksje. Der is in soad diskusje oer dizze gasfjilden. Ut earder ûndersyk docht bliken dat se te rap leechhelle wurde. Dat liedt ta gruttere risiko's op it mêd fan boaiemdelgong en ta miljeuskea. Protest fan omwenners smyt eins neat op.
Fryslân telt 68 lytse gasfjilden:
Besjoch ek Lytse gasfjilden yn Noard-Nederlân wurde earder leechhelle In soad protest tsjin gaswinning; noch net folle resultaat
No docht bliken dat der om de lytse fjilden gjin omkearde bewiislêst jildt, sa as dat wol jildt foar Grinslanners. Neffens dizze regeling hawwe minsken om de lytse fjilden minder grutte skea en dêrtroch ek minder rjocht op in skeafergoeding.
Hoe sit it mei 'omkearde bewiislêst'?
Mink Visser fan De Pein is skea-taksateur en omwenner fan in lyts gasfjild leit út hoe't it sit: "Dit doogt net fansels. It kin net sa wêze dat Grinslanner oars beoardiele wurde as Friezen. Yn Grinslân is no omkearde bewiislêst: alle skea is yn prinsipe mynbouskea óf de skea-ynspekteur moat útlizze kinne wêrom't dat net sa is. Bygelyks as in boer mei de trekker tsjin de hoeke fan de skuorre oan sitten, dan hoecht de mynbou net te beteljen. Mar as jo it net útslute kinne, is it mynbouskea. No jout Wiebes oan yn syn brief fan 20 desimber oan de Keamer dat 'de belangrijkste reden voor invoering van een wettelijk bewijsvermoeden voor Groningen gaan niet op voor mijnbouwschade door overige mijnbouwactiviteiten.' Hy jout dus oan dat der in ferskil is mei de rêst fan Nederlân."
Visser jout fierder oan: "Wiebes skriuwt: 'Ik zie daarop geen aanleiding en ook geen rechtvaardiging om het wettelijk bewijsvermoeden zoals dat geldt voor de schade voor gaswinning in Groningen, uit te breiden naar schade door overige mijnbouwactiviteiten.' Dat hâldt dus yn: de omkearde bewiislêst komt der wol op in bepaalde wize, mar wy krije him útklaaid. Wy witte noch steeds net oft wy skuorren yn de huzen fergoede krije. Dat is net earlik. Jawis wurdt der mear gas wûn yn Grinslân, en jawis binne der ek mear skuoddingen yn Grinslân. Mar der hoecht hjir mar ien te te kommen en wy hawwe de skea."
Teloarsteld
It Interprovinciaal Overleg (IPO), it gearwurkingsferbân tusken alle provinsjes yn Nederlân, is teloarsteld oer de hâlding fan minister Wiebes. It kreëarret rjochtsûngelikens tusken Grinslanners en omwenners fan lytse gasfjilden yn de rest fan it lân, seit de Drintske deputearre Tjisse Stelpstra. Hy is ek wurdfierder fan it IPO.
Hy fynt dat it Ministearje fan Ekonomyske Saken de foarstelde skearegeling foar lytste fjilden ynlûke moat. De minister moat werom nei de tekentafel. "Eigenlijk is het absurd", seit Stelpstra. "Want de maatschappijen zeggen zelf dat er niet zoveel aan de hand is en een aardbeving eigenlijk nooit voorkomt. Dat je dan toch zoveel moeite moet doen om zo'n regeling te krijgen, dat gaat er bij mij als simpele bestuurder niet in."
Besjoch ek Hoe grut is de kâns op ierdbevingen by lytse gasfjilden?
Mink Visser wennet en wurket yn De Pein. De gaswinning dêr wurdt de kommende tiid opskroefd. Neffens Visser is it mar de fraach oft se skea fergoede krije: "It is dúdlik dat de 'omgekeerde bewijslast' hjir útklaaid wurdt. Wiebes skriuwt letterlik oan de Twadde Keamer dat hy net ynsjocht wêrom't de regeling fan Grinslân ek nei oare mynbou-aktiviteiten útwreide wurde moat. Dan klaaie je de regeling dus út."
Wêrom soe ien mei skea yn De Pein rjocht ha op minder as ien yn Middelstum? Mink Visser út De Pein
Visser freget him ôf wat no eins it ferskil is tusken mynbouskea yn Grinslân en by in oar lyts fjild yn bygelyks Fryslân: "Wêrom soe ien mei skea yn De Pein rjocht ha op minder as ien yn Middelstum? Der is hjir sprake fan 'rechtsongelijkheid'. En sa dreech is it allegear net sa'n regeling te betinken. Gewoan de tekst oernimme en de plaknamme feroarje."
Bewenners fan it gebiet binne teloarsteld yn de hâlding fan minister Wiebes. Visser: "Dit is in stap werom yn de tiid. De âlde tiid yn Grinslân. It is al sa dúdlik hjir yn De Pein: pompe je dat sa rap leech, dan ûntstiet de skea."
Soargen by boargergroepen
De leden fan stichting GasDrOvF, in gearwurking tusken ferskate boargergroepen yn Fryslân, Drinte en Oerisel, ha ek soargen. Rita Pos fan de stichting: "Of er na een aardbeving aan honderd huizen schade is of aan tien, dat moet voor de vergoeding natuurlijk helemaal niets uitmaken."
Marije Sterk is ek lid en falt har by: "Deze regeling zegt dat je minder schade en minder rechten hebt als je woont in dunbevolkt gebied. Maar wat heeft dat met mijn schade te maken? Die wil ik nog steeds gewoon vergoed hebben. En daar zou ik niet meer moeite voor moeten doen dan iemand die in dichtbevolkt gebied woont."
Web wurdt útwreide
Boppedat driget foar de lytse fjilden in grutte burokratyske rompslomp om skea oantoane te kinnen, folle mear as wêr't Grinslanners mei te meitsjen krije as se skea hawwe troch de gaswinning. De regeling foar grutte gasfjilden is opsteld sadat potinsjele dupearren net yn in burokratyske mûne bedarre. Mar it web fan oerlisstruktueren en ferantwurdlikheden foar omwenners fan lytse gasfjilden wurdt op dit stuit just útwreide.
Op tongersdei 6 febrewaris wurdt yn de Twadde Keamer sprutsen oer it foarstel foar in skearegeling foar lytse fjilden.