Bestjoerder mei drugs op feroarsaket hast ûngelok yn Ljouwert
by Omrop FryslânDe hanthavening fan Ljouwert seach tongersdei om healwei seisen in bestelbuske bot slingerjend troch it sintrum fan Ljouwert riden. De bestjoerder makke ferskate oertrêdingen. Ek feroarsake de bestjoerder hast in oanriding. Op de Voorstreek koe de man oanholden wurde. Ut in drugstest die bliken dat de man ûnder ynfloed fan amfetamine, ek wol speed, efter it stjoer siet.
De Voorstreek yn Ljouwert - Foto: Google Street View
De plysje fan Ljouwer hat de bestjoerder fan it buske oanholden.