Unbekende deade op Skylge blykt miste seeman
In man dy’t ein 1967 oanspielde op Skylge, is nei goed 52 jier identifisearre. Neibesteanden hiene dna ôfstien en krigen juster te hearren dat der oerienkomst wie, berjochtet de plysje.
It lichem is fan de seeman Kees van Rijn út Katwyk. Hy wie 22 doe’t er bemanningslid wie fan de kotter KW 37 Orion, dy’t yn in swiere stoarm fergie op de Noardsee. De plysje berjochtet dat Van Rijns neibesteanden harren dna ôfstien hiene nei’t se heard hiene oer in identifikaasje fan in oare ûnbekende deade dy’t op Skylge oanspield wie. Dat gie om Andries Penning, de kaptein fan in oar skip.
De 26-jierrige matroas Arie van der Plas fan de KW 37 Orion waard yn 2018 identifisearre. Fan de seis bemanningsleden fan de kotter dy’t yn oktober 1967 om it libben kamen, is allinnich skipper Jan Nijgh noch net fûn.