Net wolf, mar hûn ferantwurdlik foar deade skiep yn Slappeterp
by Omrop FryslânDe skiep by Slappeterp binne net deabiten troch in wolf, mar troch in hûn. Dat meldt de plysje. Ferline wike waarden by it doarp yn twa nachten 24 skiep deabiten. Der waard rekkening hâlde mei in wolf, om dêr útslútsel oer te krijen waard in dna-test dien. De útslach dêrfan komt oer in pear wike.
Foto: Omrop Fryslân
Yntusken is lykwols dúdlik wurden dat in hûn ferantwurdlik is foar de deade skiep. Dat jildt ek foar deade skiep yn Rie en Peins. Neffens lokale omrop Radio Eenhoorn soe de hûn yntusken deamakke wêze. De plysje kin dat net befêstigje.