Fiif miljoen foar restauraasje boerepleatsen, wat bart der?
by
In nij lanlik fûns moat it foar partikulieren makliker meitsje om harren pleatsen op te knappen. It fûns mei dêryn fiif miljoen euro is in inisjatyf fan de Stichting Agrarisch Erfgoed Nederland. It is foaral bedoeld as lêste triuwke foar eigeners dy't de fergunnings en it grutste diel fan it jild al regele hawwe.
Foto: Wikimedia Commons
It jild giet nei restauraasjeprojekten dy't ôffalle of dy't te lang duorje, fertelt Evert Kramer fan de Boerderijenstichting Fryslân. Syn klup makket diel út fan de Stichting Agrarisch Erfgoed Nederland.
Ast de fiif miljoen oer alle âlde boerepleatsen yn Nederlân ferdielst, is it in drippel op de gloeiende plaat, jout Kramer ta. Mar it is in begjin, seit er. As foarbyld fan besteging fan it jild neamt er it gefal as boerepleatsen oergean wolle op skjinne enerzjy, wat in djoere saak is.
Opjaan kin op de webside fan de Stichting Agrarisch Erfgoed Nederland. Der is op syn heechst trije ton foar ien pleats beskikber. Neffens Kramer is behâld fan boerepleatsen wichtich. Der binne ek al restauraasjefûnsen foar tsjerken en oar religieus erfgoed en foar oare foar de omjouwing seldsume objekten. Dan kinne boerepleatsen net achterbliuwe.
Evert Kramer: Soms rinne restauraasjeprojekten wolris wat dreech
Korreksje melde