Nammen toernoaispilers FRYSK! bekend

Dit wykein is de identiteit bekend wurden fan ’e dammers dy’t har pleatst hawwe op it tredde digitale toernoai FRYSK! op 1 desimber 2019.

Der wiene diskear 35 dielnimmers. It toernoai waard wûn troch de Italiaanske jeugdspiler Davide Tamborin út Aosta. Twadde en tredde waarden Dicky van der Meer út Terherne en Jelle Wiersma út Wommels. Omdat dy twa har al pleatst hiene, pleatsten har foar it finaletoernoai Davide Zhou, in Italiaan fan Sineesk komôf, ek út Aosta, en Aleksej Domchev, kampioen fan Litouwen.

It folgjende en fjirde digitale toernoai is op 22 desimber 2019; yn alle fjouwer toernoaien kinne har trije spilers pleatse foar it finaletoernoai op 19 jannewaris 2020. De winner fan dat toernoai hat it rjocht om mei te dwaan oan it Wrâldkampioenskip FRYSK! op 8 maart 2020 te Frjentsjer.

Alle gegevens fan it toernoai binne werom te finen op ’e link:
https://lidraughts.org/tournament/1ml9pMux