"Provinsje set wynenerzjy op slot: lytsere ferfangende mûnen ûnrendabel"
by Omrop Fryslân"De provinsje set mei it belied wynenerzjy folslein op slot." Dat seit foarsitter fan de feriening wynturbine-eigeners Fryslân Halbe Klijnstra. Snein foel by Jorwert in wynmûne om. Fan de provinsje meie wynmûnen inkeld ferfongen wurde troch like hege eksimplaren, mar dy binne troch de lege stroomprizen net rendabel genôch.
De omfallen mûne yn Jorwert is fan it type Lagerwey. Mei 32 meter heech binne dat de lytsere wynmûnen dy't yn de jierren '90 wakker populêr wiene. Eartiids wiene der sawat twahûndert Lagerweys yn Fryslân. Dêr binne no noch sechstich fan oer.
De eigener yn Jorwert woe syn Lagerweyturbine graach ferfange. Fan de provinsje meie wynmûnen inkeld ferfongen wurde troch turbines dy't like heech binne. Fanwege de lege stroomprizen binne dy lytsere wynmûnen net rendabel mear en kin it dus net út, seit Klijnstra.
Oarsaak noch ûnbekend
Wêrom't de wynmûne yn Jorwert omfallen is, doar Klijnstra net te sizzen. Blykber is der tefolle krêft op kaam. De oarsaak leit op technysk flak en is net sa maklik te achterheljen, seit er. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.
Ferplichte ûnderhâld
Alle wynmûnen moatte ûnderhâlden wurde troch in sertifisearre bedriuw. Se wurde ek kontinu yn de gaten hâlden en de gegevens wurde byhâlden yn in lochboek. Soks is ferplichte, oars mei in mûne net draaie, seit Klijnstra. It is wol sa dat wynmûnen hieltyd âlder wurde en dan is der mear kâns op brek.
De eigener fan de mûne wol noch net reagearje en nei de oarsaak wurdt noch ûndersyk dien. De gemeente sil moandeitermiddei by de knakte wynmûne sjen om de oarsaak te achterheljen.
Halbe Klijnstra
Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries Korreksje melde