Brânwacht befrijt frou dy't mei holle klem sit yn stoel
by Omrop FryslânDe brânwacht fan De Jouwer moast moandeitemoarn help ferliene by in opmerklike aksje. Dêr siet in frou mei de holle klem yn in stoel. Se waard befrijd troch de brânwacht.
Foto: Omrop Fryslân
De alarmearring kaam fan de Wietske Tademaleane. Earst waard tocht dat it ûngefal bûtendoar wie, mar it die bliken dat it binnendoar wie. In frou siet mei de holle fêst tusken de spilen fan in stoel. Mei in seage hawwe de brânwachtlju foarsichtich in pear spilen fuorthelle. Dêrnei is de frou oerdroegen oan personiel fan in ambulânse.