Frysktaligens folle grutter as tocht wurdt
Dy’t witte wol hoefolle persint fan de ynwenners fan Fryslân harsels as Frysktalich beskôgje, is noch net jierdei. Dat sit sa: men wit it net. Undersiken binne der by ’t soad, mar oft se allegear like betrouber binne is mar de fraach. Boppedat binne se net goed mei elkoar te ferlykjen: ûndersyksfragen en ûndersykspopulaasjes rinne útinoar en de ûndersyksmetoaden binne faak ek net ideaal.
De Partoer-ûndersikers befregen yn 2014 it Fries burgerpanel op har memmetaal. Fan de panelleden joech 47 persint oan it Frysk as memmetaal te hawwen.
‘In 2014 sprak nog 32% van de ouders en kinderen meestal Fries’, konkludearre Geert Driessen (eks-Radboud Universiteit Nijmegen) yn 2016 út in ûndersyk ûnder bern yn it primêr ûnderwiis.
Yn 2017 publisearre de Fryske Akademy de taalsosjologyske survey Taal in Fryslân: de volgende generatie. It oantal húshâldens mei Frysk as memmetaal is ‘onder de 50 procent gezakt’, wie it nijs. In symboalyske grins wie alarmearjend trochbrutsen: foar it earst soe minder as de helte fan de Friezen it Frysk as memmetaal hawwe. De provinsje Fryslân reagearre mei in (net mear beskikber) parseberjocht dat de kop meikrige: ‘Minder frieszinnig, meer meertalig’ (as hat it ien wat mei it oar te krijen).
Mar no hawwe wy, sûnt 5 desimber, in moai sinteklaaskado, ek noch de sifers yn it rapport fan de ryksynspeksje oer it Frysk ûnderwiis. En dat rapport liket dochs wat in oar ljocht op de saak te smiten.
De ynspeksje hat 10.109 learlingen fan de groepen 6, 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis mei in enkêteformulier befrege en 1.025 learlingen út de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dat ûndersyk hat de grutste ûndersykspopulaasje fan allegear. Ien fan de fragen wie nei de thústaal: wat wie har memmetaal? Yn it ljocht fan de hjirboppe oanhelle eardere ûndersiken binne de útkomsten op syn minst opmerklik:
Fan de learlingen yn it primêr ûnderwiis seit goed 56 prosint dat se Frysktalich binne. (side 26)
Fan de learlingen yn it fuortset ûnderwiis [ûnderbou] seit trochstrings 6 op de 10 dat se Frysktalich binne. (side 28)
No efkes wat redenaasjes fan in, tajûn, statistyske leek. Wy kinne – sjoen wrâldwide ûntjouwingen as globalisearring en massamediatisearring, sjoen de tanimmende sosjale druk op foaral jonge minsken om Hollânsk te praten, en sjoen de lege maatskiplike status fan it Frysk – leau ’k wol feilich oannimme dat de Frysktaligens ûnder âldere minsken grutter is as ûnder jongere.
Twads witte wy ek dat de populaasje Friezen âlder as in jier as fyftjin folle en folle grutter is as de populaasje Friezen ûnder dy leeftydsgrins.
Ergo: as de sifers fan de ynspeksje klopje, dan leit it yn ’e reden dat de Frysktaligens ûnder de hiele befolking yn Fryslân noch in stik heger leit as de 56-60 persint út it rapport fan de ynspeksje – sifers dy’t al folle heger binne as de risseltaten fan de hjir earder neamde ûndersiken. Dat soe dan prachtich nijs wêze.
Dat de Fryske taal hieltyd minder faak troch âlden trochjûn wurdt oan har bern, sa’t Driessen konkludearre, makket blykber net hiel folle út. Henk Wolf hat earder alris op dy paradoks wiisd. It soe in goed ding wêze as de provinsje Fryslân foldwaande budzjet frijmakke foar in ûndersyk dat oan alle twivel in ein makket. Sis mar, de mem fan alle ûndersiken.
Kennis is macht, is it sizzen. Of jildt te uzes: macht fart wol by ûnwissens?
Abe de Vries