Dielnimmers Liet International 2020 yn Noard-Sleeswyk
De 20 dielnimmers fan de 13e edysje fan Liet International 2020 op 3 en 4 april 2020 yn it Deenske Apenrade/Aabenraa binne bekend. 45 lieten binne ynskreaun foar Liet International 2020, it sjongfestival foar regionale en minderheidstalen. Dat lit in grutte stiging yn it tal ynskriuwingen sjen, en in groeiende ynteresse yn Liet International.
In seleksjesjuery besteande út Anneke Holwerda (Fryslân), foarsitter fan de sjuery fan Liet 2019, Laura Fosten (Feriene Keninkryk), bandlid fan de Cornyske The Rowan Tree, winner fan Liet International 2018, en Uffe Iwersen (Denemarken), kultuerkonsulint by Bund Deutscher Nordschleswiger, de organisators fan Liet International 2020, moasten nei alle lieten harkje en sy hiene de swiere taak dêr in seleksje út te meitsjen.
De line-up hat wer in grut ferskaat. Sawol yn ferskillende regionale en minderheidstalen as yn muzykstilen fan harksankjes en jazz oant (indie) rock.
De 20 dielnimmers binne, yn alfabetyske foalchoarder: Band | Liet | Taal |
63-72 | Mein kleines Lied | Synnejysk/Dútsk (Denemarken) |
Bališ | Spal bomo če smo hin | Sloveensk (Eastenryk) |
Brother Sea | Oll ‘Vel Onen | Cornysk (Feriene Keninkryk) |
Bumbe Orchestra | Cala Sinzias | Sardinysk (Itaalje) |
Carolina Rubirosa | Sozinha | Galisysk (Spanje) |
Clash Vooar | Lhiggeyder Folley | Manx Gaelysk (Eilân Man) |
Die Tüdelband | Buten an’t Meer | Platdútsk (Dútslân) |
Fiona Cavegn | Mona Lisa | Reto-Romaansk (Switerserlân) |
ISABELLE | Waje de Litt | Elzas-Dútsk (Frankryk) |
Jimi Henndreck | Nairobi | Súdtiroolsk (Itaalje) |
Juna | Yashel Kuzle | Tatar (Tatarstan) |
Luis Nuñez y los Folganzanes | Tengo un sitiu pa ti | Asturysk (Spanje) |
Marcas Mac an Tuairneir le Bogha-frois | Dumbbells | Skots Gaelysk (Skotlân) |
Noctiluca | Iaan | Heligoland Frysk (Dútslân) |
Roger Argemí | La fina línia | Katalaansk (Spanje) |
Saara Hermansson | Mov laavlome | Súd-Sami (Sweden) |
Sequens | Do bist frij | Frysk (Nederlân) |
Sølo | Kærestesangen | Deensk (Dútslân) |
Turbokrowodn | Mila moja | Burgenlandkroatysk (Eastenryk) |
Zaman | Aida Yanga | Bashkir (Bashkortostan) |
Liet International 2020 is in bytsje oars as eardere edysjes. Op freed 3 april sille alle 20 foar publyk en sjuery optrede. 10 fan harren sille selektearre wurde foar de grutte finale op sneon 4 april 2020. Beide kearen is dat yn Gazzværket yn Apenrade/Aabenraa.
Liet International 2020 sil ien fan de offisjele aktiviteiten wêze fan de fiering fan it hûndertjierrich bestean fan de grins tusken Denemarken en Dútslân, en ek fan de hûndertste jierdei fan de Dútske minderheid yn de Deenske regio Noard-Sleeswyk. Gazzværket is in populêre konsert- en nachtklub yn Apenrade/Aabenraa yn it suden fan Denemarken.
Liet International 2020 wurdt organisearre yn gearwurking mei Bund Deutscher Nordschleswiger (BDN), de oerkoepeljende organisaasje fan de Dútske minderheid yn Denemarken. Noardlik fan de Deensk-Dútske grins yn Noard-Sleeswyk wenje sa’n 15.000 minsken dy’t by de Dútske minderheid hearre. De Dútske minderheid yn Noard-Sleeswyk hat eigen skoallen en in grut ferskaat oan sosjale en kulturele organisaasjes en soarget foar in wichtige skeakel tusken de Dútske en Deenske kultueren. Mear ynformaasje oer de Dútske minderheid en de Dútsk-Deenske grinsregio kin hjir fûn wurde: www.bdn.dk & www.nordschleswig.dk
It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen Liet International is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar de earste kear organisearre yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 ûnder de beskerming fan de Ried fan Europa. Liet International lûkt alle jierren in soad oandacht fan de media – fan BBC oant Al Jazeera – en is útgroeid ta ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen. Yn 2018 wie de lêste edysje fan Liet International yn Ljouwert. Mear ynformaasje oer Liet International is hjir te finen: https://liet-international.com/