Nije boargemasters Noardeast-Fryslân en Amelân no offisjeel beneamd
by
De beneamingen fan de oansteande boargemasters Johannes Kramer en Leo Pieter Stoel binne by keninklik beslút goedkard. Dat betsjut dat de gemeente Noardeast-Fryslân mei Kramer en Amelân mei Stoel begjin jannewaris offisjeel nije boargemasters hawwe.
Foto: ANP
Johannes Kramer, dy't de ôfrûne jierren deputearre fan de provinsje Fryslân wie, sil op 6 jannewaris úteinsette yn syn nije funksje. Leo Pieter Stoel docht dat op 16 jannewaris takom jier. Stoel wie yn it ferline wethâlder yn Súdwest-Fryslân en wurket op dit stuit noch by Aegon.
De twa manlju folgje waarnimmend boargemasters Hayo Apotheker (Noardeast-Fryslân) en Gerard van Klaveren (Amelân) op.
Korreksje melde