Spilers SC Hearrenfean spesjale shirts oan om sike trainer te stypjen
by Omrop FryslânFoarôfgeand oan de wedstriid dy't freed spile wurdt tsjin Vitesse komme de spilers fan SC Hearrenfean it fjild op mei de namme fan Chris de Wagt op harren shirt. De Wagt is trainer by de jongerein fan de fuotbalklup, mar de 34-jierrige coach fan Snits is al in skoft slim siik. Mei de shirts wol de klup sjen litte dat sy oan him en syn famylje tinke.
Chris de Wagt - Foto: Orange Pictures
Op de webside fan de fuotbalklup wurdt oanjûn dat alle meiwurkers fan SC Hearrenfean De Wagt en syn famylje in soar krêft tawinksje yn dizze foar him tige swiere perioade.