Soargen Wetterskip Fryslân oer oankundige boere-aksjes foar moandei
by
Der is grutte noed by it Wetterskip oer de oankundige boere-aksjes kommende moandei. Der wurdt serieus rekken hâlden mei demonstrearjende boeren dy't mei trekkers blokkades feroarsaakje.
Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De lilkens fan de boeren rjochtet him op de oankundige taryfsferheging. Yn Gelderlân hawwe aksjefierende boeren fan 'e wike in taryfsferheging foarkomme kinnen. Yn it Wetterskipsgebou yn Ljouwert is moandei in gearkomste fan it algemien bestjoer. In ynterview fan dykgraaf Paul van Erkelens yn It Polytburo moandei is fanwegen de ferwachte rebûlje ôfsein.
Korreksje melde