Waddenfonds stekt jild yn flinterdoarpen
by
Burchwert en Froubuorren moatte oantrekliker wurde foar flinters. Dêrom sille frijwilligers yn gearwurking mei de Friese Milieu Federatie en Landschapsbeheer Fryslân de doarpen griener meitsje. It Waddenfonds stekt hast 50.000 euro yn it projekt.
Flinter - Foto: Shutterstock.com
It giet by it projekt om ekologyske berm-ynrjochting, it oanpassen fan braaklizzende terreinen en de oanlis fan blomme-greiden.
It oanpassen moat hast 100.000 euro kostje, de helte dêrfan krije de doarpen fan it Waddenfonds.
Korreksje melde