Freedsmerk: "It oerkomt my ek wolris, dat ik in 'aktive werinnering' mis"
by
Premier Mark Rutte hat wer in swiere wike efter de rêch. It heugde him net mear oft er no wol, of net bypraat wie oer de boargerdeaden by in bombardemint yn Irak. Liet it ûnthâld him écht yn de steek, of kaam it better út dat er dat net krekt mear wist? Op de Ljouwerter freedsmerk hearden wy in grut ferskaat oan reaksjes.
Foto: Omrop Fryslân, René Koster
It rint bot útien. De reaksjes geane fan "Hij liegt en bedriegt. Ik heb altijd VVD gestemd, maar ben er helemaal klaar. Ik ga naar Baudet!" oant: "Dit is de bêste premier dy't wy ea hân hawwe." Immen dy't ek noch it folste fertouwen yn de premier hie, heakke dêr wol oan ta, dat soks ek komt fanwege gebrek oan better.
"Wie zou het alternatief moeten zijn? Toch niet zo'n populist?" Twa âldere dames namen it foar de premier op: "Hy hat in swiere put en nimt de ferantwurdlikens. Dat docht 'er goed en it is in ferbiner, hy bringt minsken byinoar." It tekoart sjittend ûnthâld oer de boargerdeaden waard him wol bot oanrekkene. "As je al sa lang premier binne, en in betûft politikus, dan ferjitte jo soks net. En as je sizze fan wol, dan binne jo in lapswâns."
Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk yn Ljouwert
Korreksje melde