Noch trije Ljouwerters yn 'e race foar funksje fan stedskeunstner
by Omrop FryslânDer meitsje noch trije keunstners kâns om foar de kommende twa jier stedskeunstner fan Ljouwert te wurden. It giet om Caro Kroon, Jara Veragua en Tim Honnef.
Jamila Faber, de stedskeunstner oant en mei 2018 - Foto: Freya Eshuys
De trije binne troch in sjuery keazen út in gruttere groep, dy't op de funksje sollisitearre hie. Nije wike tiisdei presintearje de trije harren. Dêrnei bepaalt in sjuery wa't der fan de trije de stedskeunstner wurdt. Op de nijjiersresepsje fan de gemeente Ljouwert wurdt bekend makke om wa't it giet.
Ljouwert hat sûnt 2010 in stedskeunstner, dêrfoar giet it om in stedsdichter.