Feroarsaker deadlik ûngelok op It Hearrenfean kriget maksimale wurkstraf

by

In 55-jierrige ynwenner fan Oranjewâld is freed troch de rjochtbank feroardiele ta in maksimale wurkstraf fan 240 oeren. De man feroarsake ferline jier maart in ferkearsûngelok op It Hearrenfean, wêrby't in 13-jierrige jonge om it libben kaam.

De fertochte ried op 21 maart ferline jier mei syn auto mei oanhinger oer de Ljouwerterstrjitwei en seach by it ôfslaan de jonge fytser oer de holle. Dy waard rekke troch de oanhingwein en moast yn kritike tastân nei it sikehûs brocht wurde. Inkelde dagen letter ferstoar de jonge.

De rjochtbank oardiele dat de man 'aanmerkelijk onvoorzichtig' riden hat en dat hy better útsjoen moatten hie. Njonken de maksimale wurkstraf lei de rjochtbank de man ek in rydûntsizzing fan in healjier op, en nochris in healjier ûnder betingst.

Korreksje melde