ChristenUnie wol lytse wynmûnen foar alle boeren
by
Alle boeren yn Fryslân moatte in lytse wynmûne by har pleats sette kinne. Dat wol fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fan de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. Yn nije plannen fan Deputearre Steaten krije boeren de gelegenheid om in wynmûne fan fyftjin meter heech op har bedriuw del te setten. Mar allinne om yn de eigen stroom te foarsjen.
Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
As in boer bygelyks al sinnepanielen op it dak hat en der komt in wynmûne by, dan giet in boer al oer syn eigen ferlet hinne. Neffens de nijste plannen fan de provinsje mei de boer dan gjin eigen wynmûne ha. In boer dy't earst in lytse wynmûne delset en nei in heal jier beslút ek sinnepanielen te nimmen, mei dat wol. Foar fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fan de ChristenUnie reden om it plan in 'dubbelhartig gedrocht' te neamen.
"Boeren dy't al duorsum dwaande binne, wurde sa straft om noch wat ekstra's te dwaan", seit De Vries. It strykt neffens him ek net mei it duorsumensplan fan de provinsje. "Op it moment dat wy minsken blokkearje dy't duorsum dwaande wêze wolle, dan helje wy ús duorsumheidsambysjes net."
ChristenUnie wol dat de keppeling tusken de lytse wynmûnen, saneamde 'Grinzer wynmûnen', en de sinnepanielen út de plannen helle wurdt.
Fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fan de ChristenUnie oer de lytse wynmûnen
Korreksje melde