UPDATE: Utslaande brân yn sporthal Doniahal yn Sint-Nyk ûnder kontrôle
by
De útslaande brân yn sporthal Doniahal yn Sint Nyk is ûnder kontrôle. De brân waard opskaald fan in middelbrân nei in grutte brân, om't it om in grut gebou giet. De brânwacht gie der mei ferskate ienheden hinne. Troch de rappe ynset wie de brânwacht it fjoer gau master.
Neffens de plysje kaam der in soad reek yn ferskillende kleuren út it gebou. Dat wie ek ien fan de redenen dat der opskaald waard. De measte reek is yntusken fuort.
Der waard GRIP-1 ôfkundige yn ferbân mei de koördinaasje fan de helpferliening. Neffens de brânwacht wiene der gjin minsken yn de sporthal oanwêzich.
De brân soe ûntstien wêze by wurksumheden oan it dak fan de Doniahal. Der is gjin asbest frijkaam. De brânwacht ropt omstanners op om romte te jaan oan de helptsjinsten.
Foto: Douwe Bijlsma
https://pbs.twimg.com/profile_images/1159005190881775618/nIZQkkBq_normal.jpg
Brandweer Fryslân @BrandweerFrl Door de snelle inzet in #sintnicolaasga zijn de vlammen onder controle. De meeste rook is inmiddels weg. 29 Novimber 2019 - 13:51 Korreksje melde